Drachtster oppakt nei klappen

25 jan 2014 - 12:08
  • Geweld

In 25-jierrige man út Smellingerlân is yn de nacht fan freed op sneon oppakt omdat er in 27-jierrige Drachtster mishannele hat yn in kafee oan de Noardkade yn Drachten. De fertochte en it slachtoffer krigen spul doe't se op inoar botsten. Uteinlik hat de fertochte de Drachtster op de holle slein.

It slachtoffer rekke lichtferwûne yn it gesicht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)