Drachtster oppakt foar heling

15 des 2008 - 10:05

In 41-jierrige man út Drachten is sneintenacht oanhâlden op fertinking fan heling. Plysjes seagen de man fytsen op de Dwarswyk mei in doaze achterop. Se hâlden de man oan om te freegjen wat der yn de doaze siet. De man fertelde dat er krekt dêrfoar in laptop yn in hoarekagelegenheid kocht hie.

De man is meinommen nei it plysjeburo om't it mooglik om in stellen laptop giet. De saak wurdt fierder ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)