Drachtster oppakt foar besit fan harddrugs

06 aug 2015 - 10:16

In man fan 33 jier út Drachten is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oppakt om't er drugs by him hie. De plysje hold in kontrôle op it parkearplak fan in tankstasjon oan de Wâldwei. Doe't de plysje fragen stelde oan de Drachtster, reagearde er senuweftich.

It die bliken dat er speed by him hie. De fertochte wurdt tongersdei heard. Hy krijt proses-ferbaal. De drugs binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)