Drachtster oppakt by brân

23 jun 2010 - 10:09

De plysje hat tiisdei in Drachtster (43) oanhâlden om't er mooglik in bedriuw yn Drachten yn brân stutsen hat. It bedriuw sit oan de Tussendiepen. Tsjûgen hearden tiisdeitejûn om tsien oere in eksploazje by it bedriuw en seagen in man fuortrinnen. Se skreaunen it kenteken fan 'e auto op en bellen de plysje. Dy koe de man thús oanhâlde. Op it plysjeburo die bliken dat de man drank ophie. It is noch net dúdlik wat de man krekt dien hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)