Drachtster net fermoarde

27 jul 2000 - 16:02

De dea fan in 67-jierrige ynwenner fan Drachten is net it gefolch fan in misdriuw. Ut seksje troch it Gerechtelijk Laboratorium hat bliken dien dat er stoarn is oan in hertstilstân.

De man waard tiisdei dea fûn yn 'e skuorre achter syn hûs, nei in rûzje mei syn 37-jierrige soan. Dy waard fêstset op fertinking fan it ombringen fan syn heit. Hy is yntusken wer frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)