Drachtster motorrider ferwûne

08 sep 2008 - 10:00

In 29-jierrige motorrider út Drachten is sneintemiddei ferwûne rekke doe't hy op de Bruggelaan yn Bûtenpost mei syn motor ûnderút gie.

De man ried rjochting de Dykhústerwei doe't hy yn de bocht te hurd yn de achterremmen knypte en de kontrôle oer de motor ferlear. Hy bedarre yn de berm, rekke in ferkearsboerd en foel. Hy is mei ferwûnings oan syn hân nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)