Drachtster mei stellen brommer pakt

11 mrt 2015 - 13:44

De plysje fertinkt in 21-jierrige man út Drachten fan heling. De man is tiisdeitemiddei betrape by in kontrôle op de Jan Gelinde van Blomstrjitte yn syn wenplak. By de kontrôle die bliken dat er gjin jildich rydbewiis hie en dat de brommer stellen wie. De man hat op it plysjeburo in proses-ferbaal krigen, de brommer is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)