Drachtster mei net tramtearje

05 jan 2005 - 15:39

In man út Drachten moat ophâlde mei syn lasterkampagne tsjin syn eks, har bern en de nije freon fan de frou. De rjochter yn Assen fynt dat de man ophâlde moat op straffe fan in dwangsom fan 250 euro.

De Drachtster hat yn Emmen al meardere kearen syn eks en de bern lestich fallen. De man en de frou kinne it net iens wurde oer de besykregeling foar de bern. De man hie dêrom ek alris foto's fan syn eks ferspraat yn Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)