Drachtster mei auto te wetter yn Drinte

23 okt 2015 - 06:22

In automobilist út Drachten is tongersdeitejûn mei syn auto te wetter rekke lâns it Noorderkanaalwei ter hichte fan Broekhuizen yn Drinte. De Drachtster hat nei alle gedachten de macht oer it stjoer ferlern en kaam dêrtroch yn de berm telâne en rekke ferfolgens mei de auto yn de sleat.

Hy koe de auto sels ferlitte, mar moast noch wol efkes foar kontrôle lâns it ambulânsepersoniel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)