Drachtster Meditas nominearre

10 mrt 2011 - 17:13

It Drachtster bedriuw Meditas makket kâns op de saneamde Innovatie Award foar soarchprodukten. It bedriuw is nominearre foar in oandriuwsysteem dat monteard wurde kin op rolstuollen.

Mei hendels hoecht de rolstoelbrûker minder krêft te setten, sadat skouder- en polsblessueres minder faak foarkomme. Meditas yn Drachten ymportearret it systeem, dat al earder yn de prizen foel. Op 16 maart wurdt de Innovatie Award útrikt, op de fakbeurs Zorgtotaal yn Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)