Drachtster manlju pakt mei 1600 nitraatbommen

26 okt 2015 - 13:34
  • Nitraatbommen

De plysje hat snein yn Drachten 1600 nitraatbommen, 120 Cobra 6 bommen en in gasdrukwapen yn beslach naam. Der binne twa fertochten fan 18 en 20 jier oppakt. De plysje kaam de manlju op it spoar neidat der in melding binnenkaam út Twizelerheide. Dêr wie in man bedrige mei in wapen. Hy koe de fertochten en joech de nammen fan de Drachtsters troch.

De plysje yn Drachten seach it duo letter riden en sette de efterfolging yn. Op in yndustryterrein binne de manlju rinnendewei útnaaid. In speurhûn hat de twa fûn.

De plysje hat dêrnei de auto yn beslach naam en ûndersocht. Dêrby is it wapen en it yllegale fjoerwurk fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)