Drachtster man (67) fermist

08 jun 2010 - 10:07
  • De fermiste Adriaan Goeman

De 67-jierrige Adriaan Johan Goeman út Drachten wurdt sûnt sneon 29 maaie fermist. Hy waard doe noch sjoen yn in hoarekasaak yn syn wenplak. Doe't er net op syn wurk kaam en ek freonen en famylje him net thús oantroffen, waard de plysje ynskeakele.

It ûndersyk fan de plysje hat oant no ta neat opsmiten. De plysje is op syk nei minsken dy't Goeman nei 29 maaie noch sjoen hawwe of dy't witte wêr't er no is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)