Drachtster makket amok

05 maaie 2014 - 13:00
  • Plysje

Yn Drachten hat de plysje sneontemiddei in 44-jierrige Drachtster oanhâlden net tal fan ynsidinten. De man dy't yn de war wie, hat syn buorman mei in stôk op de holle slein, in auto fernield en op ruten fan huzen yn de C.R. de Boerstrjitte bonkt. Ek pakte er in pet fan in famke ôf, foel er in frou oan en sloech er in man yn it gesicht. Alle kearen dat de plysje op it plak fan de melding kaam, die bliken dat er alwer útnaaid wie. Uteinlik koe de plysje de man yn in supermerk yn De Drait oppakke. De plysje siket dupearren fan ferskate foarfallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)