Drachtster jout frou klappen

02 mrt 2013 - 11:07
  • Geweld

In Drachtster (30) is freedtenacht oanholden foar mishanneling fan syn freondinne (25). It stel hie in besite brocht oan in kafee. Underweis nei hûs waard de man lulk op syn freondinne. Op De Raai luts hy har oan it hier op de grûn en sloech har in tal kearen yn it gesicht.

De frou gie nei hûs en belle de plysje. Plysjeminsken troffen de man foar de wenning fan de frou dronken oan. Hy is oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)