Drachtster jeugd ûnder 18 is plak foar it wykein kwyt

12 nov 2015 - 19:27
  • Diskoteek Feu yn Drachten

De jongerein fan Drachten fynt it mar neat dat de twa diskoteken Feu en Champino per direkt sletten binne troch de gemeente Smellingerlân. Sy hawwe no gjin plak mear om yn it wykein op stap te gean of by mekoar te kommen.

De jongerein kin net nei oare kafees om't se dan boppe de achttjin wêze moatte. Dochs binne der ek jongeren dy't it wol begripe.

Neffens harren nimt it personiel fan Feu en Champino it net sa krekt mei de leeftydsgrins en is der wol gauris opskuor yn de diskoteken. Dêrtroch fiele se harren net altyd feilich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)