Drachtster jeugd ferfeelt him

13 feb 2003 - 00:00

Foar de jeugd yn Drachten-East is te min te dwaan. De jongeren hingje dêrom op plakken om dy't net gaadlik binne. Dat soarget neffens fjouwer wykrieden foar oerlêst.

Ut namme fan De Wiken, De Bouwen, De Venen en Noord-Oost hat wethâlder Beerda in rapport krigen. Dy wol mei de belutsen partijen prate. De jeugd moat de besteande wyksintra better brûke. In eksperimint mei tieners yn Drachten- West komt mooglik ek yn oare wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)