Drachtster Havo-learlingen bouwe robots yn Ingelân

19 jan 2015 - 21:50
  • Liudgerlokaasje Raai yn Drachten

Tolve Havo-learlingen fan it CSG Liudger út Drachten dogge fan 'e wike mei oan in ynternasjonaal stúdzjeprojekt yn Liverpool. De helte sil robots bouwe fan LEGO dy't op in spesjaal parkoers opdrachten útfiere moatte. De oaren sille besykje mei help fan wiskunde opdrachten op te lossen.

It is de bedoeling dat de learlingen leare hoe't se yn in oare taal prate en skriuwe kinne. It hiele stúdzjeprojekt duorret twa dagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)