Drachtster fêst nei bloedproef

08 des 2013 - 13:04
  • Plysje-embleem

De plysje hat sneontejûn in 23-jierrige automobilist út Drachten meinommen nei it buro foar in bloedproef. In tsjûge melde dat de man ferskate rûntsjes makke op de rotonde oan de Lauwers en úteinlik tsjin in peal botst wie.

De bestjoerder wie kwalik oansprekber, mar hie gjin alkohol op. Omdat de man hieltyd fuortfoel is er nei it sikehús brocht om te sjen oft er mooglik drugs brûkt hie. Nei behanneling yn it sikehús is de man ynsletten op it buro foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)