Drachtster fertocht fan drugshannel

28 mrt 2015 - 11:31

Yn Drachten hat de plysje freedtejûn in 31-jierrige man út dat plak oanhâlden op fertinking fan drugshannnel. De plysje hie ynformaasje krigen oer mooglike hannel. Yn it hûs fan de Drachtster is kokaïne fûn en in luchtdrukwapen, ek fûn de plysje klean dy't mooglik stellen wie. De plysje hâlde ek in Rotterdammer oan dy't yn de wenning wie.

Earder op de jûn hâlde de plysje twa mannen oan dy't út it hûs fan de Drachtster kamen. Ien hie 23 boltsjes mei drugs by him. In oar hie in mes yn de auto. Alle fertochten sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)