Drachtster ferstoarn nei ûngelok yn Boelensloane

28 apr 2015 - 09:48

De man dy't moandeitejûn by Boelensloane mei de auto tsjin in beam ried en yn de sleat telâne kaam, is ferstoarn. De 30-jierrige Drachtster rekke troch noch ûnbekende oarsaak fan de Langewyk, botste tsjin in beam en kaam op de kop yn de sleat telâne. De brânwacht hat it slachtoffer út it wrak helle, wêrnei't er nei it sikehûs brocht is. Tiisdeitemoarn waard bekend dat er ferstoarn is.

De dyk hat in tiid ôfsletten west. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)