Drachtster ferdronken

10 aug 2009 - 20:48
  • Helpferlieners by de fiver dêr't de man ferdronk (foto Melle van der Werff)

In 43-jierrige man út Drachten is moandeitejûn ferdronken yn in fiver oan de Lange West yn syn wenplak. De man siet mei in maat op in bankje yn it park en woe ferkuolje yn it wetter. Under it swimmen ferdwûn de man ynienen ûnder wetter.

De tsjûge warskôge de helptsjinsten. Dy hawwe noch besocht de man te reanimearjen. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)