Drachtster Feart kin saneard

07 feb 2005 - 22:54

De sanearing fan it stoart yn it Drachtster Feart-gebiet kin los. De Raad van State hat in fersyk ta it skoarsen fan de miljeufergunning ôfwiisd. De feriening Het Drachtster Bos hie frege de miljeufergunning yn te lûken. De Raad van State stelde de feriening lykwols net yn it gelyk.

De gemeente Smellingerlân kin no troch mei de sanearing fan it stoart foar wentebou. It ôffal wurdt brûkt foar de oanlis fan in lûdswâl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)