Drachtster Europeesk Kampioen

11 maaie 2009 - 14:29

Arjen Maijchrzak is dit wykein Europeesk kampioen Tang Su Do wurden. De 21 jierrige ynwenner fan Drachten behelle de titel op it ûnderdiel breaktest. Op it ûnderdiel 'loopvorm' behelle Arjen in tredde plak.

Syn 19 jierrige broer Hans waard op dat ûnderdiel twadde en hy pakte in tredde plak by it sparren. De Europeeske kampioenskippen Tang Su Do waarden hâlden yn Cardiff, Wales.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)