Drachtster doarpswacht bedrige

16 jan 2010 - 12:21
  • De doarpswacht helle de plysje derby

De plysje yn Drachten hat yn de nacht fan freed op sneon in 36-jierrige ynwenner út Lelystêd op de Noardkade oanholden, omdat de man in sniebal tsjin de auto fan de doarpswachten goaide. Dy sprutsen de fertochte hjirop oan.

Dêrop bedrige de man út Lelystêd de doarpswachten. De plysje hat de man ferfolgens oanholden. Hy hie ek noch mes by him.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)