Drachtster dieven oppakt

10 jan 2012 - 09:36
  • Plysje

Yn Drachten binne moandei in frou fan 38 en har feint fan 29 oanhâlden fanwege stellerij. It stel waard troch surveillearjende plysjes betrape, doe't se yn de tún achter har hûs oan it Schuttersveld kopertried oan it ferbaarnen wiene. Troch de hjitte raande it plestik derom hinne, wat foar in soad reek soarge.

De plysje fûn ek noch in kroade mei ynstallaasjemateriaal. Alle guod wie stellen by in elektrisiteitsbedriuw. De twa fertochten binne meinaam nei it buro en dêr fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)