Drachtster dealers oanhâlden

01 feb 2013 - 19:04
  • Drugs

Der binne opnij fiif minsken oanhâlden foar de hannel yn harddrugs. It giet om fjouwer ynwenners fan Drachten yn de leeftiid fan 20 oant 29 jier, en ien ynwenner fan Ljouwert fan 36 jier.

De oanhâldings binne ûnderdiel fan in grutter ûndersyk nei it gebrûk fan, en de hannel yn GHB yn Drachten. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it gebrûk fan GHB yn Drachten hieltyd mear tanimt. De fiif dy't no oanhâlden binne hannelen benammen yn GHB, Speed en XTC. Dêrneist wie ien fan harren yn it besit fan meardere wapens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)