Drachtster brêge wie blokkeard

08 feb 2010 - 10:33
  • Dizze boom woe moandei mear as in oere lang net omheech
  • De plysje warskôge it ferkear op it Drachtsterplein

Der wiene moandeitemoarn in skoft problemen mei in slachboom fan 'e Drachtster brêge yn Ljouwert. De slachboom woe net mear omheech en dat hie ta gefolch dat it ferkear der net mear lâns koe.

Monteurs hawwe it mankemint ferholpen en it ferkear de stêd út kin der wer lâns. De krekte oarsaak fan it maleur is noch net bekend. De brêge fanút de rjochting Ljouwert hat mear as in oere ticht west foar al it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)