Drachtster Boys wint fan ONS

10 okt 2009 - 16:39

De Fryske twastriid sneon yn Drachten tusken Drachtster Boys en ONS Snits is mei 3-1 wûn troch de thúsploech. Al yn de fyfde minút fan de wedstriid sette Nico de Jong de ploech út Drachten op in 1-0 foarsprong.

Oane Hornstra makke foar de Snitsers de lykmakker. Remco de Jong en Tony Alberda soargen foar de 2-1 en 3-1. It wie in fertsjinne oerwinning foar Drachtsters Boys yn in benammen oantreklike twadde helte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)