Drachtster Boys wer haadklasse

04 maaie 2013 - 16:20
  • Drachtster Boys fiert it kampioenskip yn de earste klasse E
  • Drachtster Boys fiert it kampioenskip yn de earste klasse E
  • Drachtster Boys fiert it kampioenskip yn de earste klasse E

Drachtster Boys hat sneon mei in 4-1 oerwinning op Oeversweltsjes it kampioenskip yn de earste klasse E pakt. Op eigen fjild hiene de Boys gjin inkele muoite mei de gasten út Koudum. Nei in dik kertier spyljen stie der in 3-0 foarsprong op it boerd troch treffers fan Matthijs Eppinga, Peter Jansen Klomp en Saïd Hassan. Pas doe wist Oeversweltsjes wat werom te dwaan.

Nei rêst wie it Klomp dy't mei syn twadde treffer foar de einstân tekene. Troch it kampioenskip spilet Drachtster Boys nei in jier ôfwêzigens takom seizoen wer yn de haadklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)