Drachtster Boys stiif ûnderoan

21 apr 2003 - 00:00

Yn de haadklasse C waard moandei it degradaasjeduel Drachtster Boys - Dronten spile. Utslach 1-2. De Drachtsters bliuwe dêrmei ûnderoan stean. Harkemase Boys stiet boppe-oan.

FVC spile yn de 1e klasse F yn Ljouwert 0-0 tsjin Be Quick Grins. FVC sit yn de gefaresône en is bliid mei in puntsje. Be Quick is in konkurrint fan De Jouwer as it giet om it boppeste plak. Be Quick ferliest dus twa punten en dêr binne de Jousters bliid mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)