Drachtster Boys spilet lyk tsjin Flevo Boys

21 nov 2015 - 16:29
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys wachtet noch altyd op de earste oerwinning fan it seizoen. De ploech fan trainer Marcel van Buuren mocht sneon wol wer ien punt byskriuwe. De Drachtsters spilen op eigen fjild mei 1-1 lyk tsjin Flevo Boys.

De doelpunten foelen pas yn de twadde helte. Willem de Jong soarge yn de 65e minút foar feest op de Drachtster Bosk mei de 1-0. Fiif minuten foar de ein wie it lykwols Flevo Boys dat op likense hichte kaam, wêrtroch't der yn stee fan 3 punten mar 1 punt pakt waard.

Nei 10 wedstriden stiet Drachtster Boys mei 2 punten noch altyd stiif ûnderoan yn de sneonshaadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)