Drachtster Boys spilet 0-0 lyk

03 mrt 2012 - 17:17
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys spile sneontemiddei mei 0-0 lyk tsjin VVOG út Hurderwyk. Op eigen fjild begûnen de Drachtsters sterk oan de wedstriid. Dochs wisten de Boys de grutte kânsen net om te setten yn doelpunten. Healwei de earste helte krige VVOG fan de 11 meterstip ôf de grutte kâns op de 1-0. In goede rêding fan keeper Eelke Kooistra hold de Boys yn it spul.

Yn de twadde helte seagen de taskôgers twa ploegen dy't fol foar de winst gongen. Goed fuotbal smiet it lykwols net op. Nije wike stiet de wedstriid tsjin de nûmer 12 Berkum op it program.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)