Drachtster Boys pakt 2e winst

12 okt 2013 - 16:23
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys hat sneon op eigen fjild mei 2-0 wûn fan Go Ahead. De Drachtsters setten fol kriich útein. Al nei in heale minút skeat Willem de Jong in frije traap op de peal. Binnen 20 minuten stie de iepeningstreffer op it boerd troch in doelpunt fan Willem den Hartogh.

Nei rêst kreake it oan de kant fan Drachtster Boys, dat hâlden en kearen hie oan de opportunistyske gasten út Kampen. Mei syn twadde treffer in kertier foar it ein smiet Den Hartogh de wedstriid yn it slot en wie de twadde oerwinning fan it seizoen in feit.

Drachtster Boys stiet op it tsiende plak yn de haadklasse mei 6 punten út 6 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)