Drachtster Boys noch hieltyd puntleas nei ferlies tsjin AZSV

10 okt 2015 - 16:39
  • Drachtster Boys-AZSV

Drachtster Boys bliuwt troch it ferlies tsjin koprinner AZSV noch altyd puntleas. Op it eigen keunstgersfjild gong de ploech fan trainer Marcel van Buuren mei 1-2 ûnderút. Krekt foar rêst straften de gasten út Aalten balferlies ôf en scoarden de 0-1.

Drachtster Boys makke wol de lykmakker, mar dy waard ôfkard. Nei rêst gongen de Drachtsters op jacht nei de lykmakker, mar de treffer foel oan de oare kant, doe't de gasten út Aalten de 2-0 makken. Yn ekstra tiid soarge Sicco Bouwer foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)