Drachtster Boys komt te koart

07 apr 2012 - 16:43
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys hat sneontemiddei op eigen fjild mei 1-0 ferlern fan DVS '33. Op in rûzich sportpark seagen de taskôgers hoe't de Drachtsters goed tsjinwar joegen oan de gasten út Ermelo. De nûmer sân út de kompetysje wist foar de tee net ta skoaren te kommen.

Pas yn de 93e minút fan de twadde helte foel it ienige en dêrmei winnende doelpunt. Sneu ferlies foar de ploech fan trainer Jan van Raalte.

De Drachtsters stean op it lêste plak mei 9 punten út 22 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)