Drachtster Boys kampioen

08 maaie 2005 - 12:45

Drachtster Boys is sneon kampioen wurden yn de earste klasse E. De fuotballers wûnen mei 3-2 fan HZVV. Tsien minuten foar tiid stienen de Drachtsters noch efter mei 1-2, mar in penalty en in lette goal brochten de Drachtsters de winst.

Drachtster Boys komt troch it kampioenskip takom jier werom yn de haadklasse, nei twa jier ôfwêzigens. De club is dêrmei de fyfde Fryske haadklasser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)