Drachtster Boys ferspilet earste oerwinning yn ekstra tiid

24 okt 2015 - 16:40
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys pakte sneon yn de ynhelwedstriid tsjin SVZW it earste punt fan it seizoen. Op eigen fjild spile de ploech fan trainer Marcel van Buuren mei 1-1 lyk tsjin de gasten út Wierden.

Yn Drachten moast it publyk lang wachtsje op de treffers. Pas yn ekstra tiid fan de twadde helte like ynfaller Rudmer Loonstra de swierbefochten trije punten oer de streek te lûken, doe't er de Drachtster treffer makke. Lang koe der lykwols net feestfierd wurde, want ien minút letter stie ek de lykmakker fan SVZW op it boerd.

Troch it lykspul hat Drachtster Boys no 1 punt út 6 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)