Drachtster Boys ferliest thús fan nûmer fjouwer Staphorst

05 des 2015 - 16:50
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys ferlear sneon mei 2-1 fan nûmer fjouwer Staphorst. Op eigen fjild kamen de Drachtsters nei in kertier spyljen op efterstân. Foar it skoft makken de gasten út Staphorst der 0-2 fan. De grutste kâns op de 1-2 wie foar Rudmer Loonstra, mar hy kaam net ta skoaren.

Yn de slotfaze makken de Boys noch wol de oanslutingstreffer, mar fierder as ien doelpunt kaam de nûmer lêst net. It is it tsiende ferlies foar de Drachtsters, dy't dêrmei stean bliuwe op 2 punten út 12 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)