Drachtster Boys ferliest foar de sânde kear dit seizoen

07 nov 2015 - 17:45
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys rûn sneon tsjin it sânde ferlies oan. Op Urk ferlear de ploech fan trainer Marcel van Buuren mei 3-0 fan Urk. De Urkers namen al betiid de lieding. Drachtster Boys krigen wol wat kânsen, mar kaam net ta in treffer.

Fuort nei de tee krigen de Drachtsters de bêste kâns op de 1-1, mar fersommen te skoaren. Oan de oare kant wie it al raak en kaam Urk op 2-0. Yn de slotfaze smieten de Urkers de wedstriid definityf yn it slot mei de 3-0. In earetreffer wie de Drachtsters net gund, want it skot fan Sicco Bouwer waard keard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)