Drachtster Boys ferliest fan SVZW út Wierden

25 apr 2015 - 16:33
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys ferlear sneon mei 1-0 fan de nûmer 5 SVZW. Op sportpark Drachtster Bosk wiene beide ploegen yn de earste helte goed oaninoar weage. Nei rêst setten de gasten út Wierden goed útein troch in rappe treffer.

Op jacht nei de lykmakker waard de striid hieltyd hurder. Beide ploegen krigen ferskate giele kaarten en der wie in reade kaart foar SVZW. De ploech fan trainer Fred de Boer like te profitearjen fan de man-mear-situaasje, mar Aziz Geyik fersomme te skoaren foar iepen goal. De gasten namen de punten mei werom nei Wierden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)