Drachtster Boys ferliest: 3-0

06 sep 2014 - 17:38
  • Drachtster Boys

De kompetysjestart foar Drachtster Boys yn de haadklasse begûn mei in 3-0 ferliespartij tsjin SVZW. Yn Wierden kamen de Drachtsters nei in lyts kertier spyljen op efterstân. Yn de 31e minút wie it opnij SVZW dat it fizier op skerp hie en op 2-0 kaam.

De ploech fan trainer Fred de Boer besocht it noch wol nei rêst mei ferskate wiksels. Mei noch tolve minuten op de klok makke SVZW dien wurk troch de 3-0 yn it net te sjitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)