Drachtster Boys is feilich

07 maaie 2011 - 16:41

Drachtster Boys fuotballet ek takom jier yn de haadklasse. Troch in 2-1 oerwinning op Staphorst hoecht de ploech fan trainer Jan van Raalte boppedat gjin promoasje- en degradaasjewedstriden mear te spyljen.

Al yn de njoggende minút kaam Drachtster Boys troch in treffer fan Jan Stoker op foarsprong. Dêrnei waard it 1-1. Ut in frije traap koe Roelof de Jong al koppende de winnende goal meitsje en de wedstriid beslisse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)