Drachtster Boys bliuwt yn de haadklasse C

09 maaie 2015 - 16:50
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys hat him sneon feilich spile troch mei 1-1 lyk te spyljen by WVF. Yn Zwolle sette Willem de Jong nei 19 minuten spyljen de Drachtster iepeningstreffer op it boerd.

De ploech fan trainer Fred de Boer krige dêrnei folop kânsen om de foarsprong fierder út te wreidzjen, mar slagge der net yn om mear treffers te meitsjen. Yn de lêste minút fan de wedstriid krige Drachtster Boys it lid op 'e noas doe't WVF krekt foar it einsinjaal dochs noch de lykmakker op it boerd sette.

Drachtster Boys komt troch it lykspul op 32 punten en spilet takom seizoen op 'e nij yn de haadklasse. Urk hat ek 32 punten, mar in minder doelsaldo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)