Drachtster Boys begjint mei sneu ferlies tsjin Genemuiden

05 sep 2015 - 16:57
  • In fuotbal

Drachtster Boys is de earste wedstriid fan it seizoen begûn mei in sneu 1-0 ferlies yn en tsjin Genemuiden. De Drachtsters kamen al nei 13 minuten op efterstân. Willem de Jong hie de bêste kâns op de lykmakker, mar syn skot miste rjochting. Nei rêst moast de ploech fan trainer Marcel van Buuren op jacht nei de lykmakker. Sicco Bouwer hie in kertier foar de ein de 1-1 op 'e skoech, mar syn skot koe mei muoite keard wurde.

De wedstriid fan Harkemase Boys gie net troch fanwege it wiete fjild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)