Drachtster botst tsjin auto

24 aug 2014 - 10:34

Yn Drachten hat de plysje sneontejûn op de Handwerkerszijde in 22-jierrige man út dat plak oanhâlden. De man wie mei in auto tsjin in parkearde auto riden. Nei't in tjsûge de plysje belle, naaide de man út. De plysje koe him letter yn syn hûs oanhâlde. It die bliken dat er gjin rydbewiis hie en dat er dronken hie. Hy is ynsletten foar ferhoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)