Drachtster botst op snorfytser

20 des 2013 - 10:34

In 69-jierrige man út Drachten hat tongersdeitejûn op de Suderdwersfeart yn syn wenplak twa 20-jierrige Drachtsters op in snorfyts oanriden. De man kaam yn 'e auto út in syddyk en seach de snorfyts folslein oer de holle. By de botsing gongen de bestjoerder fan de snorfyts en syn byrider ûnderút. It twatal is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht foar kontrôle.

Hoe't it mei de manlju giet it net bekend. Ut ûndersyk die bliken dat de snorfytser foarrang hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)