Drachtster boeven oppakt

30 aug 2011 - 10:07

Twa Drachtsters binne moandei oanholden om't se fertocht wurde fan heling, stellerij en it besit fan harddrugs. Plysjes holden in 31-jierrige man oan om't er op in stellen fyts ried. De man sei dat er de fyts liend hie fan in 45-jierrige bewenner fan it Alferhof.

Doe't de plysje kaam, fûnen se kokaïne, amfetamine, himp, in stroomstjitwapen en in krúsbôge. Dêrneist fûn de plysje in stellen brommer en fjouwer fytsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)