Drachtster bedrige om Joran

04 feb 2008 - 06:12

De Drachtster dy't Joran van der Sloot fan 't wykein ûnderdak bean ha soe, is bedrige. De 26-jierrige Johan ûntkent dat Van der Sloot by him útfanhûzet.

Nei de tv-útstjoering mei de bekentenis fan Van der Sloot oer de ferdwining fan Natalee Holloway, kamen hûnderten minsken nei it appartemint oan de Markt. SBS6-programma Hart van Nederland liet sneon it appartemint fan Johan mei adres en al sjen as ûnderdûkadres fan Van der Sloot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)