Drachtster basisskoalle De Spreng hat moaiste grientetún

17 jun 2015 - 14:31
  • Griente

Basisskoalle De Spreng yn Drachten hat de moaiste grientetún fan skoallen yn Smellingerlân. Dizze grientetún is as winner oanwiisd fan in projekt fan ROC Friese Poort, de Naturij, túnkersferiening De Wrottersploech en skoalmienskip Liudger. Sân basisskoallen en twa neiskoalske opfanglokaasjes hawwe oan it projekt meidien.

Doel is om bern sjen te litten dat it net sa dreech hoecht is om sels griente te ferbouwen. Ek leare de bern sa wêr't griente weikomt en dat it leuk wêze kin om yn de tún te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)