Drachtster B. dogge wer mei

02 apr 2006 - 14:58

Drachtster Boys hat goeie saken dien yn de striid om de degradaazje. Yn de thúswedstriid tsjin SVZW Wierden waard Martijn Groenewold de matchwinner. Hy makke koart foar tiid de winnende treffer. Jan Harm Schippers makke yn de earste helte út in penalty de 1-0.

ONS Snits wûn thús mei 2-0 fan Urk. Ton Haarman skoarde twa kear. Dêrmei komme de Snitsers wer tichterby it kampioenskip. Harkemase Boys spile sneon 1-1 gelyk tsjin Flevo Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)